Tongersdei 7 decimber is der om 20 oere gearkomste fan iisklup Eendracht yn de Welp. Nei de gearkomste (om ûngefear 21 oere) sil Henk Nieuwenhuis in fertelling jaan oer de moanne. Henk hat sa’n 25 jier konservator west fan it ferneamde planetarium yn Frentsjer. As der tongersdei gjin bewolking is en de ljochtfersmoarging is lyts, dan is der foar belangstellenden nei ôfrin gelegenheid troch stjerrekikers nei ferskillende objekten te sjen. Jimme binne fan herte wolkom hjirby oanwêzich te wezen.