De merkekommisje is wer drok oan ‘e gong foar de merke fan 2022. In spannend tema, bysûndere spultsjes, lekker iten en drinken én fansels fantastyske muzyk stean op de planning. It organisearjen fan in moaie merke komt wol goed, mar yn it merkewykein sels kinne sy wol wat ekstra sterke manlju en froulju brûke! Bygelyks foar it opbouwen, klearsetten en opromjen fan spul. Dat kinne se net sûnder jim help! Dyn help wurdt tige wurdearre!