Eartiids waarden letterlappen makke troch famkes, om te oefenjen yn it bordueren fan letters, sifers en figuerkes foar op it linnenguod. In kolleksje fan letterlappen is dizze moanne yn museum de Trije Gritenijen yn Grou te sjen.
Ek in oantal Redúster froulju hat in letterlap ynbrocht foar de tentoanstelling.