Freed wiene der wol 20 follybalteams op ‘e terp aktyf. Sneon begûn mei in stoarmbaan foar de jeugd. Middeis diene dik 80 keatsers mei oan de merkekeatspartij. Omdat elk sels in priis oanleverje moast, foel elkenien yn de prizen. Snein is der der dan noch de KNKB 1ste klasse frije formaasje keatspartij. Middeis wurdt it wykein gesellich ôfsletten, we sille meielkoar op in grut skerm nei de Formule 1 sjen. Hoe aardich is dat?