Sportyf de provinsje yn

Fan ‘e moarn betiid kamen de earste motoaren al troch Reduzum. In oantal doarpsgenoaten die oan dizze motor 11-stêdentocht mei. Mar ek in oantal fytsers út ús doarpen kamen hjoed nei in kâlde dei yn Boalsert oer de finish.
Yn Frentsjer wie it NK Senioren keatsen. Reduzum gie der spitich yn de earste omloop ôf. Mar âld Redúster Alle Jan Anema behelle mei syn maten út Grou de 2e plak.