Sloop oan Master Gorterstrjitte

Al yn 2007 kaam de wenningstifting Elkien mei plannen foar nijbou oan de Master Gorterstrjitte 28, 30, 32. Oant trije kear ta waarden de plannen ôfblaast en op ‘e nij besjoen.
Mar no wurdt der lang om let dôchs in begin makke mei de sloop fan de rigel mei trije wennings. Hjir komt in blok fan twa ûnder ien kap wennings foar wêrom.