Slagge rommelmerk

Healwei njoggenen stiene de earste nijsgjirrige keapers al klear. Doe moast alles noch te plak set wurde. 10.30 gong dan einliks de toeter foar de start fan de rommelmerk. It gie mâl. De minsken draafden it terrein op…….It waar wurke mei, en de ferkeap gie goed. …….en dan is it 13.30 en kin alle rommel wat oer is yn in kontener. Mei elkoar hat de rommelmerk sa’n €3500 opsmiten. Tige tank allegearre.