Slachtemarathon

Dykfakmaster Binne Sjonger hat goed nijs oer de tariedingen foar de Slachte-marathon. ‘De Snitserdyk wurdt ôfsluten sadat net alles oer de fentwei hoecht lykas acht jier lyn.
En troch de opskaling fan it evenemint nei in oare kategory regelt de plysje mear, sa as it ferkear by de Blauwe Tinte. Ek hiel aardich: de hurddravers starte dizze kear net fanút Easterwierrum mar lykas de rinners, fanút Raerd’.