Sa nei de maaiefakânsje sjogge de bern al út nei de skoalreiskes. De bern fan groepen 7 en 8 hawwe fan 27 o/m 29 maaie nei it Amelân west. De bern fan groepen 1 en 2 gean woansdei 26 juny nei de Naturij yn Drachten. Yn de earste wike fan july gean de oare groepen fuort. Groepen 4,5 en 6 gean op tiisdei 2 july mei de bus nei Almere nei it klimpark. In dei letter, woansdei 3 july gean de bern fan groep 3 nei it Appelskea en gean lekker boartsjen yn Duine Zathe.