De lêste skoaldei stie ôfrûne freed yn it teken fan in foksenjacht en spultsjes. De bern moasten troch it doarp om de foksen op te sykjen, mar ek goed oplette foar de NEP foksen. Nei ôfrin stie der op it skoalplein foar elkenien noch in lekker broadsje klear. As alderlêste wie der noch in spetterjende ôfslúting fan Marco mei de brânspuit. En dêr nei koe de simmerfekânsje begjinne!