Juster hawwe de bern fan de Trije Doarpenskoalle in hurdriderij hân. Yn ferskatte kategorieën waard der striden om de prizen. It wie tige slagge. Hjir en dêr wie der natuerlik wol wat teleurstelling, mar mei in glêske poeiermolke wie dat gau wer oer.
De masters, juffen, âlders, alle oare publiek en natuerlik de bern hawwe yn elts gefal in prachtige moarn hawn.