Skiep vs keatsers

Efkes siet de keatsferiening mei de hannen yn’t hier. Om’t it sportterrein oer de kop wie, koene wichtige keatspartijen rûnom de merke net trochgean.
Lokkich kamen Tigchelaar en Galama as rêders oer de daam. De iene helle de skiep op it droege en de oare soarge dat it gers der ‘strak’ by lei. Wat soarge foar in prachtige keatsdei foar de doarpsgenoaten