Al twa moanne op rige falt postkoade 9008 yn de prizen. Tiid foar in feestmiel foar mannich Redúster. Earst mar oan in biologyske sop, kant en klear en út in plestikpûde. Dan moatte se noch oan de slach mei in skarrelrookwoarst.
En foar it jildbedrach dat wûn is, kinne se by de Troefmarkt grif noch in neigesetsje by-elkoar skarrelje.