Sis it mei blommen

Nei in oarloch mei de hazzen (dy’t it jonge guod hearlik fûnen) en rûzje mei de slakken (dy’t ek delkamen foar in hapke) stiet der dan no dochs in blommepracht oan de Ienswei. De  Vrouwen van Nu wiene hjir fan ‘e middei wolkom foar in lytse warming-up fan it nije seizoen. Nei in bakje kofje of tee mei wat lekkers koene de froulju in moai boskje blommen plôkje. Fansels wie der ek noch tiid om efkes by te praten.