Mei de yntocht yn Reduzum waard it in drokke tiid foar Sinteklaas en swarte pyt. Alle dagen de doarpen troch mei lekkers en presintsjes foar yn de skoech.
In wike letter in gesellige middei mei de bern fan Eagum en Idaerd. En juster wiene de twa piten noch efkes yn Friens mei kadootsjes foar de bern. Moarn fiert Sinteklaas syn jierdei op skoalle en yn de pjutteklas.