Sint yn frachtwein nei skoalle

Sinteklaas wie op syk nei in moaie stien foar syn ring. En tocht dat hy dy by Transportbedriuw Bakker wol fine koe. Mar Sint moast ek op tiid op skoalle en by de pjutteklas wêze, dêr’t de bern op him sieten te wachtsjen.
Lokkich koe Wilfred Janssen dizze wichtige fracht fannemoarn feilich en op ‘e tiid ôfleverje. En de Piten? Dy moasten fytsen.