Sint Marten giet de boer op

De bern fan Idaerd hawwe fannejûn Sint Marten fiert.  9 bern giene al rinnend by de doarren lâns. Mei de auto giene se nei de huzen bûten út, en sels hawwe se by de boer yn de molkput oan it sjongen west. Nei ôfrin wie der in beker waarme sûkelade molke. Mei in grauwe pûde snobbersguod gie elk wer nei hûs. It wie wer tige slagge!