Simmer yn Friens

“Tink om de bus” ropten de Frienzers snein. No en dy ha jim net fergetten! Leave 17 hat snein in moai bedrag by inoar songen. Tidens de neisit op buorfrou Martha har terras is der besluten dat bedrag te jaan oan de stichting “Samen Kunnen We Alles”. Sy organisearje “Verwenweken” foar froulju mei boarstkanker. Om’t de froulju fan Leave 17 eltse kear wer ûnder de yndruk binne fan it goeie wurk wat se dogge,  binne se dan ek hiel bliid dat troch dizze donaasje noch mear froulju genietsje kinne fan in tige slagge “Simmer yn Friens”.