Skriuwster Baukje Wytsma hat in (trije talich) jeugdboek, Silke & Miss Dee skreaun. In prachtich ferhaal oer in freonskip tusken in famke en in âldere Ingelske dame út it doarp, mei moaie illustraasjes fan Carla van der Heijde.
Foar it skriuwen fan dit boek hat se û.o. op skoalle meidraait yn de Ingelske les. Ek de Redúster barchjes Pieter en Nel spylje hjir in lytse rol yn. It boek is krekt út en te ferkrijen by ferskate boekwinkels en webshops.