Sicht op Friens

Troch it wiete waar koene de gewoane trekkers amper op it lân komme. Dêrom binne der foar de maisrispinge yn Friens rupsdumpers ynset. De hakselaar sit der efter en blaast it yn de rupsdumpers. Sa koe de mais dochs fan it lân helle wurde. En leit der no wer foar in jier fretten foar it fee klear.