Nei sa’n 10 jier sjauffeur op de skoalbus hâldt Sibbele de Vries der no mei op. Hy waard betanke foar al dy jierren en ta songen troch de bern. Neist de tekeningen krige hy in pûdsje mei broadsjes om’t der foar it iten tusken de middei faaks net folle tiid wie. It echte kado bliuwt noch efkes in ferrassing.