It waar wie net echt winters. Mar op de winterfair yn kafee bar de Welp wie it sfearfol, waarm en droech. In krystman, lekkere hapkes fan Sipke, glühwein, allegear guod om je hûs yn krystsfear te bringen, waarme mutsen en sokken. Genôch om fan binnen en fan bûten waarm te wurden.