Juster wiene de Fryske kampioenskippen turnen yn Wolvegea. Yn de kategory Junior niveau F moasten 13 famkes in flikflak, salto en oerslach op’e flier, de radslag op’e balke en in oerslach op de pegasus fan 1.25m dwaan.
Ryanna Miedema turnde dizze middei in hiele strakke wedstriid. Oan’ e ein fan de middei krige se de gouden medaille om en waard it Fryske folksliet spyle.