Hjoed is it Valentijnsdei. Eartiids wie dizze dei bedoeld om jo anonime leafde oan ien te toanen. Hjoed de dei is it net allinnich de leafde mar ek de kommersy dy’t hjir hielendal fan opfleuret. De blommehandel draait dizze dagen oeroeren. Mar hoe sit dat mei jo. Hawwe jo wolris anonym in presintsje of blommen krigen? Fertel ús jo ferhaal of pleats in Valentijnsboadskip op it forum.