Reuny yn eigen doarp

Lêsten deis hiene in oantal froulju, dy’t harren jeugd yn Reduzum trochbrocht hiene hjir in lytse reuny. Op ien nei, wenje de froulju al sa’n 30 jier net mear yn it doarp. Nei in breamiel by de Blauwe Tinte, stie der in doarpskuier ûnder lieding fan Carina v.d.Weg, fan it doarpsargyf op it programma. De kuier einige by it kafee,dêr’t de froulju eartiids in soad kamen. V.l.n.r. Hilda v.d. Laan,  Coba Sinnema-Jansma, Sita Schoeman-Zijlstra, Marjan de Jager-Brinksma, Gerdina Kruisselbrink-Oreel en Carina v.d Weg.