Reduzum wint Sulveren Swan partij

Keatsferiening Jan Reitsma kin it sulverpoetsguod mar foar’t ljocht helje. Hjoed hat it jonges ôfdielingspartoer de 1e prijs wûn yn Makkum, de Sulveren Swan partij. Neist de krânsen, wiene der gouden klokjes foar Melle Fopma, Johannes Brinksma en Jesper Tolsma. De keatsferiening krige troch harren wer de wikseltrofee yn hannen. De lêste kear wie dat yn de 80-jierren doe’t André Tolsma, Jaap Jansma en Germ Zijlstra dit wunnen