Reduzum plestik frij

Wa’t goed siket yn syn hûs fynt dêr miskien noch wol in taske mei de opdruk Reduzum ( ik hâld fan dy) plestikfrij. In geweldige aksje, betocht troch de Sakeklup, al wer in tal jierren lyn.
Op dit stuit wurdt der lanlik wer striid levere tsjin dit miljeu fersmoargjende produkt sa’t elkenien wol wit. Dat brocht Itteke de Leeuw, lid fan de Vrouwen van Nu op in idee.