Anouk van der Meulen en Sylvana Hoogstins wiene der hielendal klear foar, de drone fan Fryslân fan Boppen. Tegearre hiene se in prachtich spandoek makke, en hawwe doe wol twa oeren op de drone wachte. Mar de drone hat Reduzum spitich genôch letterlik en figuerlik links lizze litten.