De Doe een Wens Stichting hat juster de winsk fan Wybren út Makkum ferfolle. Els Koopmans hat as frijwilliger, de winsk helle. Wybren is gek fan Scania Torpedo’s. Jûns stiene der 8 fan sokke grutte frachtweinen by it sjauffeurskafee yn Spannenburg. Dêrby wie in auto fan Jouke van der Werff (mei sjauffeur Ate Atsma) en de Scania-camper fan fam. Terpstra, dy’t riden waard troch Pieter en Jappie Terpstra.
In ympresje fan de winsk is hjoed te sjen by Hea!