Rede van Fryslân

De Rede fan Fryslân fynt alle jierren plak. Immen fan bûten de provinsje hâldt mei it each op de takomst Fryslân de spegel foar. Dit jier wie Pieter Winsemius, âld VVD-minister en foarsitter fan de wittenskiplike ried foar it regeringsbeleid oan bar. Ut de tiid fan de lêste funksje en faaks ek troch syn funksje fan foarsitter fan de beoardielingskommisje fan Fryslân Foar De Wyn hat er blykber in swak foar Reduzum oer hâlden dat er it doarp yn de rede neamt.