Reade Geertsje yn finzenis

De lytse wente dêr’t se mei har âlden yn Reduzum wenne, stiet der net mear. Har namme wie eins al fergetten. Mar sûnt it okkerdeis ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen komt Redúster Geertje Kleefstra wer ta libben. Hjoed hawwe de bern fan de groepen 7 en 8 fan de TDS mear heart oer dy fergetten doarpsgenoat, dy’t har al jong ynsette foar in better libben foar arbeiders én foar froulju. De bern hawwe mei skriuwster Janny van der Molen in besite brocht oan de Blokhúspoarte