Fannemoarn is der by de Ayttawei in zeppelin-ballon de loft yn gien. De FNP wol hjirmei sjen litte hoe heech de wynmûnen yn Fryslân wurde kinne. Oanlieding is it plan fan de provinsje en de gemeente Boarnsterhim om wynmûneparken ta te stean mei mûnen fan respektivelik 150 en 60 meter ashichte.