Plysje pakt Swarte Piten op

Grutte konsternaasje by de oankomst fan Sinteklaas. Doe’t yn de tichte mist de boat sichtber wie, die bliken dat de Sint allinnich op de boat stie. Wêr wiene syn Piten? Doe kaam der in plysjeauto mei grutte faasje oanriden, mei de twa Piten.