Sneon 24 augustus ha se yn Friens it jubileum fiert fan Plaatselijk Belang wat 85 jier bestiet. Rûn 17.30 binne se útein setten mei in BBQ foar jong en âld. Dêr nei kaam it sportive diel, it folleybaltoernoai wêr’t 5 teams tsjin elkoar striden ha. It wie in prachtige jûn, wêr’t mei troch it prachtige waar elkenien noch lang nei genietsje koe!