De pjutten hawwe fannewike in prachtig skoalreiske hân, ek al moasten de plannen op it lêste momint noch oanpast wurde troch it reinwetter. Dit kear gjin bernebourkerij mar it boartersparadijs Ballorig yn Snits. De bern ha harren poerbêst fermakke.
Yn it fleantúch op de monorail, springe op de trampoline en klimme en klauterje yn de apekoai.