Pjutten op skoalreiske

De pjutten fan de earste wjukslach binne as ôfslúting fan it skoaljier op skoalreiske west, nei de bernebuorkerij yn Snits.
Nei sa’n prachtige sinnige dei fan juster wie it waar hjoed wat minder, mar se ha it mei syn allen oh sa troffen. Doe’t se om 11.30 oere nei hûs gongen foelen de earste drippen ût de loft. By de bisten sjen, boartsje yn de boarterstún en farre mei in boatsje. Sa ha se in prachtich skoalreiske hân.