Fannemoarn wienen Trynke en Djurre al drok oan it picknicken yn de tinte. Dat heard der hielendal by om’t it hiele doarp dit wykein yn it teken stiet fan de kamping. Fansels ha de pjutten ek efkes by de merke west te sjen hoefier se wienen mei de draaimûne en de fleantúchjes.
It wie noch net klear, mar it komt goed en dan kinne alle bern folop genietsje.