Piten yn Friens

Dit jier spitigernôch gjin sinteklaasfiering mei-elkoar yn it Lokaeltsje foar de bern fan it jeugdwurk. De Piten gongen mei de Sietiebus in slach troch Friens, om de bern thús op te sykjen. Op dizze manier krige elk bern de oandacht….dit wie somtiden wol hiel spannend foar inkele bern. De Piten brochten kadootsjes by de bern en struiden ryklik mei de pipernuten yn it rûn. Nettsjinsteande de oanskerpe maatregels fan corona hienen de bern mei de Piten in moai feest yn Friens.