Peter, de Masterchef fan Reduzum

Peter Tolsma hat freedtejûn op de boeremerk mei syn lekkere hapkes in nachtsje Paris fertsjinne. By in achttal hobby koks koene de ’touristen’ dizze jûn de hapkes priuwe. In saakkundige sjuery priuwde mei en beoardielde. Mar der wie mear te belibjen op it Frânske doarpsplein ûnder de Eifeltoer.