Peaskehaze by de pjutten

Fannemoarn hie de peashazze efkes by de pjutten west. De peashazze hie yn de gymseal op de banken rûn mar oh jee dêr wie der fanôf fallen.
It kuorke fleach troch de loft en alle aaikes leinen rûnom. De bern woene wol efkes helpen om al dy aaikes wer op te sykjen.
Se fûnen it iene nei it oare aai. Juf Tineke hat de aaikes ferdield oer de selsmakke bakjes en sa koe elkenien oan it ein fan dizze gesellige moarn dit lekkers mei nei hûs ta krije.