Opknappen Legedyk

Fannemoarn betiid is der lang om let in begin makke mei de reparaasje fan de Legedyk. Om’t de oannimmer foarich jier de Legedyk net goed oplevere hie, wurde der no maatregels naam om it dykje feiliger te meitsjen. It dykje wurdt egalisearre en de kanten wurde oansljuchte, sadat it gehiel flakker wurdt.