Op tiid op bêd

Elk jier gean de mannen fan biljertferiening DWEI mei elkoar in wykein nei Skylge. Freed 12 novimber wie it wer safier. Healwei ienen kaam de tongersdeitejûnsploech byinoar yn ’e kroech om kofje, om dêrnei ôf te setten nei Harns. Fierstente betiid wienen se dêr, dat sadwaande moasten se earst in bierke probearje yn ’e wachthal.