Op syk nei goud

Mei syn metaaldetektor rint Jappie Terpstra lâns de krekt útdjippe sleat fan de âlde terp. By in lyts lûdsignaaltsje wrottet er yn de modder om. Meastal is it neat, mar miskien fynt hy nochris in fikingsring.