Op syk nei de mûs

De fûgelwacht hat yn de krookjefakânsje mei in oantal bern op stap west nei Earnewâld. Hjir koene se sjen en heare wat de goudûle allegear opyt. Mûzen binne foar dizze fûgels in lekker hapke. Yn de braakballen dy’t dizze middei út elkoar helle waarden, fûnen se in ferskaat soart oan mûzen.