Op Simmerkamp

Fiif bern út ús doarpen binne op simmerkamp west fan de Folkshegeskoalle op Skylge. Foar Bouke Andries Boersma wie dit de twadde kear. It leukste fan dit kamp fûn hy it libjend stratego. Jûns let op spûketocht wie ek leuk, allinnich spitich dat de buordjses fuort helle wienen.