Op einejacht

Labrador Shiva docht op ’t heden mei basin Henny Hof mei oan jachttrainings. Troch ferskate kommando’s besiket har baaske de hûn fuortgoaide dummy’s opspoare te litten. Dit dogge se ek yn it wetter fan de haven. Dat er dan ek wolris in ‘wylde’ ein meinimt út it wetter is ûnderdiel fan it hiele spultsje.