Nei in oantal wiken trainingskamp koene de bern fan de groepen 7&8 hjoed nei de Olympyske spelen op Thialf. Hjir waard de 5 km ferrieden. Troch it dobbeljen fan it oantal eagen wisten de bern hoefolle rûntsjes se ride moasten.
Dit waard ôfkrúst op in ‘bingokaart’. As beleaning krigen de bern in moaie muts en in diploma.