Okkinga’s 94 jier tillefoanysk berikber

Tsjintwurdich hat elkenien wol in mobyl of tillefoantastel yn hûs. Yn 1915 wie dizze lúkse mar foar twa adressen yn Roordahuizum wei lein. Doe wiene de molkfabryk en de famylje S. Okkinga de earsten mei in tillefoan.