Mear as 41 jier hat Lolke as feearts praktyk dien, wêrfan 38 jier yn Reduzum. Foarige wike wie der in ôfskiedsfeest foar him en syn frou en rjochterhân Jantsje.
Oan de ein fan’e jûn wie der in tankwurdsje fan Lolke.
Hjir liet er sjen dat er neist in tige kundige feedokter ek dochs wol in goed (it kin de opvolger fan Teake v.d.Meer wol wurde) sprekker is.