Ofskie kâns foar nije ûndernimmers

Nei 30 jier Troefmarkt, sille Bauke en Adri Hallema mei pensioen. In skoft like it der op dat dit it einde bestjutte foar de Troefmarkt. Mar lokkich seagen de twa jonge ûndernimsters Myja Zijlstra en Alie Baarda hjir wol brea yn. Fannemiddei wie der in fleurich ôfskie foar Bauke en Adri.